Kruiswijk werom yn basis

Arnold Kruiswijk
Arnold Kruiswijk is snein wer basisspiler fan de Sportklup Hearrenfean yn de wedstriid tsjin Feyenoord. Hy stiet mei oanfierder Michel Breuer yn it sintrum fan de ferdediging. Bas Dost is de spits mei oan de sydkanten Luciano Narsingh en Oussama Assaidi. Op it middenfjild stiet it trio Mika Väyrynen, Christian Grindheim en Filip Djuricic.
Trainer Ron Jans hopet dat syn ploech, nei it ferlies tsjin Willem II, it thúspublyk op 'e banken krijt.