Boete foar twongen prostitúsje

04 mrt 2011 - 12:16

In Ljouwerter en in ynwenner fan Emmeloord binne troch de rjochtbank feroardiele omdat se 2 minderjierrige famkes ta prostitúsje twongen hawwe. Ek moatte se de famkes inkele tûzenen euro's skeafergoeding betelje. Dat meldt Omroep Flevoland.

It giet om famkes út Emmeloord dy't in tal kearen twongen seks hawwe moasten yn hotels yn Fryslân. It jild dat se fertsjinnen moasten se ôfjaan oan de manlju. De saak kaam oan it rôljen doe't in famke har âlders ynljochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)