Noch gjin oarsaak omslaan HA38

04 mrt 2011 - 11:00

It kin wol ein dit jier wurde foardat dúdlik is wêrom't heal desimber de skulpesûger HA-38 fan in bedriuw út Zoutkamp omslein is foar de kust fan Skylge. Dat meldt RTV Noord. It ûngelok wie heal desimber en de trije opfarrenden fan it skip kamen dêrby om it libben.

De Onderzoeksraad voor Veiligheid is dwaande mei it ûndersyk nei de oarsaak, mar ferwachtet dêr noch in soad tiid foar nedich te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)