Mear lûdshinder fleanbasis

De fleanbasis yn Ljouwert hat ferline jier, nei jierren fan in weromrinnend tal klachten, wer mear klachten krigen oer lûdshinder. Wiene it der yn 2009 296, ferline jier kamen der 360 klachten fan minsken dy't har drok makken oer it leven fan de fleanbasis.
Neffens de kommisje lûdshinder komt dat omdat doe der in pear grutte ynternasjonale oefeningen west hawwe. De toan fan de klachten wurdt fûler, seit de kommisje.