Ried akkoart mei Kingma State

© Omrop Fryslân
By Sweins kin úteinset wurde mei de bou fan it bûten Kingma State. De ried fan Frjentsjerteradiel is akkoart gien mei it bestimmpingsplan. De famylje Kingma hie froeger in state by Sweins, mar dy waard begjin 1900 sloopt. It neiteam wol in appartemintekompleks en in park oanlizze.
De ried fynt dat it gebou wol passe moat yn de omjouwing en hat dêrom strenge easken steld oan de plannen. Der mei allinne wenne wurde, en der meie gjin bedriuwen yn de nijbou komme.