Debat: '25 sitten is genôch'

03 mrt 2011 - 21:01

In nij kolleezje mei it CDA en de VVD, mei in basis fan 25 sitten yn de nije provinsjale steaten is foar de PvdA breed genôch om drege besunigingsmaatregels troch te fieren. Dat sei listoanfierder Hans Konst tongersdei yn it slotdebat oer de ferkiezings.

Dat betsjut dat der om de PvdA net perfoarst in fjirde partij nedich is om it draachflak fan it nije kolleezje yn de steaten te fergrutsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)