Ried yn aksje foar brânwacht

03 mrt 2011 - 18:30
  • Gemeenteriedsleden yn aksje foar de brânwachtkazerne (foto's: Lenus van der Broek)
  • Boargemaster Van Klaveren sprekt de riedsleden ta

Riedsleden fan de gemeente Weststellingwerf joegen tongersdei it startsein foar de nije brânwachtkazerne fan Wolvegea. De riedsleden diene dit troch yn brânwachtklean it ynformaasjeboerd oer de nijbou skjin te spuitsjen.

De nije brânwachtkazerne is nedich omdat de nije auto's fan 'e brânwacht net yn de âlde brânwachtkazerne passe. De nije kazerne kostet 1,1 miljoen euro en moat foar de boufakfakânsje oplevere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)