'Frame It moat trochgean'

De nije gemeente Súdwest-Fryslân moat it projekt Frame It foar kânsearme bern trochgean litte. It sintrum foar de keunsten en ritmyk pleitet dêroar by it kolleezjebestjoer.
By Frame It krigen hûndert bern út efterstânswiken les yn it meitsjen fan fideofilmkes, foto's en graffity. Se krije help fan profesjonele keunstners. Neffens de organisaasje wie it sa'n sukses dat ek oare gemeenten it oernimme moatte.