Wraking yn sjitynsidint

03 mrt 2011 - 15:49

Yn it heger berop tsjin de man dy't mei in mes in skoalle op It Hearrenfean yngean woe, is de rjochter fan it Hôf ferwegere. Hy waard tongersdei yn in saneamde 'wraking' ûngeskikt ferklearre troch de advokaat fan 'e fertochte út Sweagerbosk.

De advokaat fynt dat de plysjeman dy't de Sweagerbosker delskeat, ferfolge wurde moat foar besykjen ta deaslach. De man wie sa oerémis dat er himsels drige te deadzjen op it skoalplein. Doe hat de plysje him delsketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)