Rapport Hoekstra oanbean

Minister Donner wie yn febrewaris by Omrop Fryslân (foto: Omrop Fryslân)
Minister Donner fan ynlânske saken en minister Van Bijsterveld fan ûnderwiis krigen tongersdei it advys om it foech oer it Frysk yn it ûnderwiis oer te dragen oan de provinsje Fryslân. Dat advys stiet yn in rapport fan 'e kommisje Hoekstra.
Deputearre De Vries fynt it in wichtige earste stap, mar der moat noch folle mear barre. Sa moat de wet dêrfoar oanpast wurde. De Vries wol ynkoarten mei fertsjinwurdigers fan it ûnderwiis oer de saak prate.