Achmeatoer op pumps en klompen

03 mrt 2011 - 14:03

Trije meiwurkers fan Marketing Leeuwarden binne tongersdei foar in goed doel de treppen fan 'e heechste toer fan Ljouwert op en del draafd. Doutzen Wijbenga, Jennifer Zwierstra en Jelmer Visser rûnen hurd de Achmeatoer op om jild byninoar te krijen foar Warchild.

De markante toer yn it sintrum fan Ljouwert is 114 meter heech en hat 480 treptreden. Om it net al maklik te meitsjen hiene de froulju pumps en de man klompen oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)