'Gearwurking toerisme nedich'

03 mrt 2011 - 13:35
  • It strân fan Nes op It Amelân (foto: Omrop Fryslân)

Rekreaasje-ûndernimmers yn Noard-Nederlân wolle mear gearwurkje om it Waadseegebiet better op de kaart te setten. Toeristen dy't yn Grinslân binne moatte bygelyks ek witte wat der yn Fryslân te dwaan is. Dat waard tongersdei sein op 'e alfde grutte ûndernimmerslunsj yn Easternijtsjerk. mei hast twahûndert dielnimmers. De ûndernimmerslunsj gie dit jier oer de Wrâlderfguodstatus fan 'e Waadsee. De foarige kear gie de lunsj net troch fanwege de hurde wyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)