Beurs Huis & Tuin lûkt oan

It is goed te fernimmen dat ûndernimmers de takomst wer posityf ynsjogge. Dat sei direkteur Robert Berting fan it WTC Expo tongersdei by de iepening fan de beurs Huis & Tuin yn Ljouwert yn syn eigen hallen.
Huis & Tuin hat dit jier mear stands as ferline jier. Boppedat hawwe de túnarsjitekten, makelers en hoveniers mear jild stutsen yn de oanklaaiïng fan de stands. Huis & Tuin duorret noch oant en mei snein.