Protterpleach yn Ljouwert

03 mrt 2011 - 11:59

Tûzenen protters soargje foar oerlêst yn 'e Ljouwerter wenwyk Bonifatiuspark. De fûgels skite alles ûnder en soargje foar in soad oerlêst. Bewenners en passanten moatte betiden skûlje foar de skytrein. As it skimeret en de sinne ûndergiet, fleane de protters yn grutte kloften oer.

De bewenners wolle dat de gemeente maatregels nimt. De beplanting mei de klimop hedera dêr't de protters op ôfkomme soe fuorthelle wurde kinne of de protters mei lûden ferjeie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)