Te grutte foarried coffeeshops

03 mrt 2011 - 11:37
  • Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat woansdei yn Ljouwert tolve coffeeshops kontrolearre. Twa hiene in te grutte foarried hasj en weed. Dy is yn beslach naam. Ien fan de twa coffeeshops makke boppedat reklame foar de softdrugs en dat mei net.

Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de twa coffeeshops. Boppedat krijt de gemeente Ljouwert der berjocht fan dat de twa ferkeard wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)