'Oer seis wiken nij kolleezje'

Yn seis wike tiid moat der in nij kolleezje fan deputearre steaten komme. Dat sei PvdA-listlûker Konst op Omrop Fryslân Televyzje. De PvdA is nei de provinsjale ferkiezings de grutste yn Fryslân mei 11 sitten.
Twadde is it CDA dat bot ferlern hat fan 12 nei 8 sitten. De VVD wint ien sit en kriget 6. Nijkommer PVV komt mei 4 minsken yn de steaten en D66 nei 2. De FNP ferliest in sit en hat no 4, Kolleezjepartij ChristenUnie hâldt 3 en de SP ferliest 1 fan 'e 4 sitten.