Brânstichting yn boukonteners

03 mrt 2011 - 10:35

De plysje yn Ljouwert ûndersiket de brânstifting yn twa boukonteners oan de Romkesleane. Dy stean by pakhûs Hartelust dat hielendal opknapt wurdt.

Tsjûgen hiene de plysje belle. Om't it fjoer drige oer te slaan nei in wenkompleks, waard de brânwacht ynskeakele. De konteners rekken fierhinne stikken. In gebou dêrnjonken hie in soad reekskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)