Dieven fan autoradio's oppakt

03 mrt 2011 - 10:14

In 31-jierrige man út Burgum en in 26-jierrige man út Georgië binne woansdei oanhâlden by in bedriuw oan de Dalwei yn Surhústerfean. Se hiene harren mei in tredde fertochte melden by it bedriuw om in auto te eksportearjen.

Wylst de twa manlju de eigner oan de praat hâlden, stiel de tredde man autoradio's. In meiwurker seach dat en de man naaide gau út. De beide oare manlju koene net fuortkomme. Se binne troch de plysje oanhâlden. De auto fan de dieven is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)