Frou wol net út hûs fol reek

03 mrt 2011 - 10:00

De plysje hat woansdei yn Ljouwert in 58-jierrige frou út har hûs weihelle, omdat der brân wie. De flam wie yn de panne slein en dêrtroch stie it hûs fol reek. Doe't de plysje by it hûs oan de Wylgenstrjitte oankaam, woe de frou der net út.

Der stie safolle reek yn 'e hûs dat de plysje it ûnferantwurde fûn om har dêr bliuwe te litten. De frou is ûnder twang meinaam. Ambulânsepersoniel hat har nei it sikehûs ta brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)