Winst VVD, PVV en D66

03 mrt 2011 - 02:55

VVD, PVV en D66 binne de winners wurden fan de ferkiezings fan provinsjale steaten yn Fryslân. De VVD wûn yn alle Fryske gemeenten. De partij fan listlûker Tom van Mourik kaam út op 13,8% fan de stimmen, 3% mear as yn 2007. Van Mourik is 'hartstikke gelokkich'.

De PVV helle yn Fryslân 8,5%, genôch foar 4 sitten yn 'e steaten. D66 ferdwûn yn 2007 út de steaten, mar mei no wer weromkomme. De skoare fan 4,3% is genôch foar 2 sitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)