Njoggen partijen yn 'e steaten

03 mrt 2011 - 02:36

De nije provinsjale steaten fan Fryslân bestiet út 9 partijen, twa mear as yn de ôfrûne perioade. De PVV helle 8,5 % fan de stimmen by de ferkiezings fan woansdei en komt mei 4 minsken yn de steaten. D66 skoarde by de ferkiezings 4,3% fan de stimmen en krijt 2 sitten yn de steaten.

De PvdA wurdt de grutste partij yn de steaten. De skoare fan 23,7%, in ferlies fan 1,9% yn fergeliking mei 2007, is goed foar alve sitten. It CDA krijt 8 sitten, trije minder as no.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)