Ljouwert: goede útslach PvdA

De Partij van de Arbeid is mei 30,1% fierwei de grutste partij fan de gemeente Ljouwert. It CDA ferlear yn Ljouwert 7,2% en sakke dêrmei ûnder de 10%. De VVD is no de op ien nei grutste partij fan Ljouwert mei 13,1% en de SP de fjirde partij mei 11,6%.
Nijkommer PVV skoarde 8,2%. D66 die it ek goed. De demokraten helle 7%, in winst fan 4,7%. FNP en ChristenUnie buorken beide achterút. Foar GrienLinks wie der in beskieden winst. 50Plus krige de stipe fan 1,7%.