VVD grutste partij Lemsterlân

03 mrt 2011 - 01:14

Yn Lemsterlân krige de VVD de measte stimmen by de steateferkiezings fan woansdei. De VVD wûn 4,7% en kaam út op 20,1% fan de stimmen. De PvdA skoarde 19,9%, in ferlies fan 2,6%. It CDA ferlear 10,9% en kaam út op 17,2%. De PVV helle in skoare fan 11,4%.

De SP ferlear in pear persint en kaam út op 8,4%. De FNP en GrienLinks wûnen in bytsje. D66 ferdûbele hast en kaam út op 4,7%. PBF, Provinciaal Belang Fryslân, helle yn Lemsterlân in skoare fan 3,5%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)