Weststellingwerf: PVV 11,6 %

De Partij voor de Vrijheid is mei 11,63 % fan de stimmen de grutte winner wurden yn Weststellingwerf. Njonken de PVV diene ek de VVD (+3,4%) en D66 (+2,8%) it goed.
De PvdA is de grutste partij fan Weststellingwerf mei 25,5%, mar de sosjaaldemokraten ferlearen wol 2,6%. De grutste ferliezer wie ek hjir it CDA. It CDA gie 10,2% achterút fan 25,5% nei 15,3%. De SP ferlear in bytsje, GrienLinks wûn in bytsje. 50Plus krige 2,2% fan 'e stimmen.