PvdA grutste op Skiermûntseach

02 mrt 2011 - 22:12

De PVV is de grutte winner fan de steateferkiezings op Skiermûntseach. De partij krige 8,1 persint fan de 529 útbrochte stimmen. De PvdA is de grutste partij op 'lytje pôle' mei 21.4%, in ferlies fan 5.3%. De VVD buorke 1.1% foarút en kaam op 20.3%, it CDA ferlear 5.0% en hat no 17.2%.

D66 die it ek goed mei 7.0% fan de stimmen, in winst fan 4,6%. SP en GrienLinks skarrelen ek in bytsje foarút. De FNP ferlear 0.9% op Skiermûntseach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)