200 jier boargerlike stân

It is 200 jier lyn dat Napoleon de boargerlike stân yn ús lân ynfierde. Doel wie earst om fia dizze registraasje belesting barre te kinnen. Yn 1811 sette Napoleon boppedat in punt achter de Universiteit fan Frjentsjer en fierde hy de tsjinstplicht yn.
Tresoar hat dêroer in spesjale webside makke mei de namme 1811. Op dy side is ynformaasje oer dat jier te finen, mar men kin ek ynformaasje pleatse.