Opkomstsifers ferkiezings

02 mrt 2011 - 12:13

Der is noch net folle te sizzen oer de opkomst by de ferkiezings foar de provinsjale steaten. Fan 7.30 oere ôf kinne minsken woansdei stimme. De buro's binne oant 21.00 oere iepen.

It Hearrenfean en Harns hiene beide om tsien oere in opkomst fan goed 8 prosint. De gemeente Súdwest-Fryslân hie 16,5 prosint tusken de middei. Op Skiermûntseach hie om healwei tolven al goed 12 prosint har stim útbrocht. Yn Opsterlân wie it om it middeisoere 15 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)