Gearwurking Mercurius dreech

02 mrt 2011 - 11:52

Mercurius kin net foldwaan oan de subsydzje-eask fan de gemeente om gear te wurkjen mei de Ljouwerter hegeskoallen.

Troch gearwurking kin de lokale omrop op kosten besparje, tinkt de gemeente. Wol moat foar de gearwurking mei Stenden in Ried fan Tafersjoch ynsteld wurde en dat soe de Mediawet net tastean. Dy skriuwt foar dat elke publike omrop ûnôfhinklik wurkje moat. Plannen foar mooglike gearwurking tusken Mercurius en Stenden sitte fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)