Meartalich sykje yn biblioteek

02 mrt 2011 - 11:31

It sykjen yn de Fryske biblioteken wurdt in stik makliker. Fan takom wike ôf wurdt in nij syksysteem ynfierd. Dêrmei kin meartalich socht wurde. At socht wurdt op 'hond' komme ek Fryske boeken mei it wurd 'hûn' yn de titel nei foaren.

De technyk sil beskikber wêze yn alle meartalige biblioteken en organisaasjes dy't wurkje mei meartalige kolleksjes. It systeem wurdt tiisdei yn Burgum presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)