Warskôging foar koperstellerij

02 mrt 2011 - 10:43

De plysje warskôget foar koperstellerij. Korporaasjes, makelers, ferhierorganisaasjes en eigners fan leechsteande gebouwen en bedriuwsgbouwen moatte wach wêze.

De groei fan it tal stellerijen komt trochdat de koperpriis omheech gien is. Dieven skrikke der net foar werom om koperen gas- en wetterliedingen út leechsteande gebouwen te stellen. Dat kin foar libbensgefaarlike situaasjes soargje. De plysje advisearret de gebouwen te befeiligjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)