Mear brede skoallen yn SWF

It kolleezje fan Súdwest-Fryslân wol de mooglikheden ûndersykje foar it ûntwikkeljen fan brede skoallen yn de gemeente. Yn Snits binne al fiif brede skoallen, mar de oare eardere gemeenten hiene noch gjin oanpak ûntwikkele.
As de ried akkoart giet mei it foarstel sil de gemeente mei ferskate organisaasjes prate om te sjen wat sy fine fan in brede skoalle. Oan de hân dêrfan wurdt in kadernotysje makke. Ein 2011 wurdt dy bepraat yn de ried.