Tsjin sâltwinne en wynmûnen

02 mrt 2011 - 09:32

De gemeenteried fan It Bilt hat moasjes yntsjinne tsjin de plannen foar sâltwinning ûnder lân en in grut wynmûnepark op It Bilt. Neffens ûnder oare it CDA, de PvdA en Wurkgroep It Bilt ha beide plannen grutte gefolgen foar de lânbou en de leefberens yn de gemeente.

Sâltwinning ûnder lân kin soargje foar it sâlt wurden fan grûn. Dat kin de kwaliteit fan de lânbou bedriigje. It wynmûnepark soe neffens de partijen in bedriging wêze foar it toerisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)