Nachtstimme yn Ljouwert

02 mrt 2011 - 06:17

De earste stimmen fan Nederlân binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Ljouwert útbrocht. Dat barde op it ferkiezingsfeest "The Choice 2011" dat organisearre is troch de Stichting Jongeren en Politiek Fryslân.

Goed 200 minsken hawwe har stim útbringe kind yn in mobyl stimburo, dat foar De Harmonie parkeard stie. Boargemaster Crone en Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma wiene om 0.00 oere de earsten dy't harren stim útbrochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)