Bachmuzyk yn Súdwesthoeke

Hoite Pruiksma
De gemeente Súdwest Fryslân jout 15.000 euro oan de Nederlandse Bach Academie. Inisjatyfnimmer fan dy akademy is musikus Hoite Pruiksma. De Bach Academie moat yn de Súdwesthoeke komme, mar in lanlike en ynternasjonale útstrieling ha. Doel is de âlde muzyk, benammen dy fan Johann Sebastian Bach, wer yn de belangstelling te setten. Dêrfoar wurdt spesjalisearre musisy en talintearre studinten, mar ek betûfte amateurs in poadium bean.