Edufrysk nominearre foar priis
De site www.edufrysk.nl fan de Afûk is nominearre foar de E-learning Award. Op dy webside kinne minsken terjochte om Frysk te learen. Op de site wurdt gebrûk makke fan muzyk, fideo's, ferhalen en games.
De E-learning Award is in priis foar websites dy't in goed learprogramma oanbiede. In faksjuery en in publykssjuery meitsje út wa't de priis wint. Op 5 april wurdt de winner bekend makke.