Ferplichte eintoets skoallen

01 mrt 2011 - 14:00

Der moat ien ferplichte eintoets komme foar alle basisskoallen. Dat skriuwt minister Van Bijsterveld yn in brief oan de Twadde Keamer. De toets sil letter ôfnaam wurde, sadat de bern langer les krije. Neffens ûnderwiisadvysgroep Cedin kin dan de skoallen ek better mei-inoar fergelike wurde.

Underwiisgroep Fier út Noardwest-Fryslân fynt it idee krekt net goed. Sy sjogge mear heil yn it learlingfolchsysteem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)