Tsjûgen brânstichting socht

De plysje siket tsjûgen fan brânstifting yn in wente oan de Spoarstrjitte yn Ljouwert. Dat wie yn in ûnderferdjipping dy't leech wie fanwege in ferbouwing. De brân soarge foar sa'n soad smook dat de bewenners op 'e tiid wekker waarden. De brânwacht koe it fjoer gau útmeitsje.
In tsjûge sei tsjin de plysje in man sjoen te hawwen dy't by it hûs weirûn. De plysje siket minsken dy't de mooglike brânstifter ek sjoen hawwe en wol mear ynformaasje oer de man hawwe.