Oarsaak dea yn silo ûnbekend

De man dy't moandei om it libben kaam op in bedriuw yn Rotsterhaule is troch noch ûnbekende oarsaak net goed wurden doe't er yn in silo oan it skjinmeitsjen wie. Dat hat de plysje bekend makke. Dy hat in earste ûndersyk dien dat letter oernaam is troch de Arbeidsynspeksje.
It slachtoffer is in 20-jierrige man út Zutphen. Hy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn, nettsjinsteande dat de helptsjinsten gau by it bedriuw wiene.