Stroomknooppunt op see

Foto: Omrop Fryslân
In ûndersyk nei in knooppunt fan elektrisiteitskabels noardlik fan de Waadeilannen moat oantoane oft dat rendabel is. Op sa'n punt komme de heechspanningskabels byelkoar dy't ûnder see Nederlân, Dútslân, Denemarken en Noarwegen meielkoar ferbine. De stroom fan seewynmûnen kin sa makliker transporteard wurde.
It giet om in inisjatyf fan de stichting Energy Valley en de provinsje Grinslân. It stroomknooppunt soe kosten besparje.