Auto botst op oerstekkende ko
By in oanriding by Wytmarsum is moandeitenacht in ko dearekke. It bist wie mei 23 oare kij losbrutsen. De ko waard oanriden troch in 24-jierrige ynwenner fan Achlum doe't er ynienen de dyk oerstuts.
It bist rekke sa ferwûne dat it ôfmakke wurde moast. De oare kij koene wer fêstset wurde.