Konst: 'ophâlde te eameljen'

01 mrt 2011 - 07:22
  • Folo: Omrop Fryslân

Deputearre Hans Konst hopet dat de Faunabescherming him no einlik ris delleit by de útspraak fan de rjochter wat it aaisykjen oanbelanget. De rjochter bepaalde moandei dat der dit jier gewoan wer aaisocht wurde mei. Meielkoar meie der 5939 aaien meinaam wurde.

Deputearre Konst fynt dat de Faunabescherming no ophâlde moat te eameljen. De rjochter sei dat it sms-systeem dêr't aaisikers harren mei melde moatte, goed wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)