Huzen PVV'ers bekladde

28 feb 2011 - 21:54

De huzen fan twa PVV-kandidaten foar provinsjale steaten binne yn de nacht fan snein op moandei bekladde. Unbekenden ha posters fan de AFA, de anty-faksistyske aksje, op de ruten, de foardoar en de auto's fan de PVV'ers plakt. It giet om Jelle Hiemstra (Snits) en Carolien Knol (Skerpenseel) Se hawwe oanjefte dien.

Hiemstra hat twa kear earder doelwyt west fan protesten fan de ekstreem linkse aksjegroep. De AFA wie net berikber foar kommentaar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)