Minder wyn foar wynmûnen

28 feb 2011 - 17:04

It waait hieltyd minder yn Fryslân. Dat seit de feriening fan wynturbine-eigners yn Fryslân. Yn hiel Nederlân is dêrtroch sa'n 13 prosint minder elektrisiteit produsearre it ôfrûne jier. Yn ús provinsje binne goed 300 wynmûnen en dy soargje mei-inoar foar sa'n 6 prosint fan de stroom yn Fryslân.

Op it heden is der gjin subsydzje mooglik foar wynenerzje, mar der wurdt hurd oan in nije regeling wurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)