Taal en kultuer net nei Grins

28 feb 2011 - 16:24

De bysûndere posysje fan de Fryske taal en kultuer komt perfoarst net yn de knipe. Dat seit steatssekretaris Halbe Zijlstra fan Kultuer. Yn de Fryske steaten wie earder dizze moanne kommoasje oer it nije kultuerbelied.

It ryk soe yn de takomst allinne noch mar mei de njoggen grutste stêden yn Nederlân ûnderhannelje oer kultuer en net mear mei de provinsjes. It Fryske kultuerbelied soe dan yn hannen fan Grins komme kinne. Neffens Zijlstra is dêr absolút gjin sprake fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)