Rjochter stiet aaisykjen ta

28 feb 2011 - 14:47

Dit jier meie op 'e nij ljipaaien meinommen wurde, sa hat de rjochtbank moandei bepaald. De Faunabeskerming hie beswier makke tsjin de ûntheffing dy't de provinsje ôfjûn hat. Neffens de Faunabeskerming is it tal ljippen it ôfrûne jier safolle sakke dat it meinimmen fan aaien ûnferantwurde is.

De rjochtbank fynt lykwols dat de optimistyskere sifers fan de provinsje korrekt binne. De rjochtbank fynt ek, yn tsjinstelling ta Faunabeskerming, dat it meldsysteem foar aisikers doocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)