Man slein mei honkbalkneppel

28 feb 2011 - 10:19

De plysje fertinkt twa ynwenners fan Snits fan mishanneling. De twa soene yn de Furmerusstrjitte yn har wenplak in 27-jierrige man út Easthim mei in honkbalkneppel slein hawwe. Dy rekke dêrby ferwûne oan syn holle.

De Easthimmer wie op fersyk fan de twa manlju nei Snits kaam, omdat dy him fertochten fan it fernielen fan in doar. Yn Snits waard er troch de twa mishannele. De plysje hat de Snitsers foar fierder ûndersyk fêstset op it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)