Ekonomyske groei falt ôf

28 feb 2011 - 09:31

Undernimmers yn Noard-Nederlân binne teloarsteld oer de ekonomyske groei yn it Noarden. Ein ferline jier tochten in soad bedriuwen dat it dit jier better gean soe, mar dat is net sa.

Dat docht bliken út de resultaten fan de COEN-enkête dy't moandeitemoarn presintearre is yn Grins. Benammen by winkels, by kafee's en yn de bou gie it net goed. De yndustry groeit wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)