Smoarge auto's op eilannen

28 feb 2011 - 08:22

De smoarchste auto's fan Nederlân ride op de Waadeilannen. De útstjit fan CO2 fan auto's is op Flylân it heechste fan it lân. Skylge stiet op nûmer 2, It Amelân op nûmer 7 en Skiermûntseach op it 11e plak.

Dit hat it VWE útsocht, it buro foar dokumintaasje en ynformaasje oer auto's. Sy telden de totale CO2-útstjit fan alle auto's per gemeente en dielden dy troch it oantal auto's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)