Seizoen Flyers sit derop

27 feb 2011 - 21:46

De A6.NL Flyers ha ek de twadde wedstriid yn de play-offs om it kampioenskip fan Nederlân tsjin Geleen ferlern. It waard nei ferlinging 4-3 foar thúsploech Geleen en sadwaande is de ploech út Limboarch heale finalist en is it seizoen foar de Flyers dien.

Yn de earste perioade bleau it 0-0. De twadde wie mei 2-1 foar de Flyers, mei beide goals fan Michael Nason. Geleen wûn it tredde part mei 2-1 (skoare Flyers Wesley Hendriks) en sloech mei de penaltyshots ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)