Dino's lûke 29.735 besikers

27 feb 2011 - 17:35

De dino-eksposysje Jurassic Ljouwert 2 hat de ôfrûne fiif wiken 29.735 besikers lutsen. Yn de krokusfakânsje stiene alle dagen tûzenen besikers yn lange rigen foar de yngong fan it natuermuseum. It besikerstal fan 30.000 minsken yn fiif wike is in rekôr. Tiisdei 22 febrewaris wie de drokste dei mei 3137 besikers. Snein wie de lêste dei fan Jurassic Ljouwert.

It museum hat yn april wer wat bysûnders. Dan komt in 3 meter grutte robot fan de Sydney tunnelspin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)